Oer Into The Great Wide Open

Into the Great Wide Open is in festival op Flylân, dêr't muzyk sintraal stiet, mar benammen de kontekst it ta in hiel eigen barren makket. Yn't fermidden fan de natuer fan miskien wol it moaiste Waadeilân fan Nederlân biede wy neist it haadprogramma in ferrassende râneprogrammearing mei û.o. byldzjende keunst, film, útdaagjende berne-aktiviteiten en genôch rêst en romte om optimaal te genietsjen.

Net allinne it publyk, mar ek de artyst is besiker fan it eilân dêr't de see de grins oanjout en net de dranghikken. Into The Great Wide Open is foar alle leafhawwers fan goede alternative popmuzyk die nocht ha oan in sfearysk festival, mar ek sels it tempo oanjaan wolle en krekt wat mear fariaasje sykje. Oesters fan it Waad, farske seebears, mei soarch klearmakke. Ut je dak gean op it festivalfjild én kampfjoerferskes op it strân. In yntym festivalgefoel én de 'great wide open'.













Here COmes The Summer, 2-3 mei 2014, Vlieland